Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst
YKFE
  • Thússide
  • Oer YKFE
  • Bestjoer
  • Nijs
  • Boeken
  • Fryske Foargongers
  • Ferwizings
  • Kontakt

Oer de YKFE
Ein sântiger jierren binnen de nije Fryske bibeloersetting en it Lieteboek foar de tsjerken útkaam. Yn 1984 is de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) yn it libben roppen om it Tsjinboek diel I fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) oer te setten. Dêrnei is der benammen wurke oan Tuskentiden, de Fryske útjefte fan it oanfoljende lieteboek Tussentijds, it oersetten fan Tsjinstboek diel II en it nije 'Lieteboek sjonge en bidde thús en yn tsjerke'.

De YKFE wol it brûken fan it Frysk yn en om 'e earetsjinst hinne oan é oarder stelle en befoarderje. Neist oersettingen wolle we ek de útjefte fan eigen Frysk materiaal befoarderje. Mei it each op dit wurk liket mear gearwurking mei en tusken oare organisaasjes ûs gaadlik ta.

De YKFE is der foar alle tsjerklike denominaasjes. Foar de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) hat de YKFE de status fan wurkgroep fan de Kommisje Regionaal Oerlis (CRO).

Skiednis
Histoarje fan de YKFE
Al ieuwen lang ha Friezen dwaande west mei de Bibel en geastlike lieten yn har eigen taal oer te setten.
Mar altyd wiene it yndividuéle partikulieren en bleau it stykjen yn parten fan de Bibel en yn in lyts tal lieten. Tsjerklike erkenning krige it nea. Oant der feroaring fan lucht kaam. Benammen trocht it Kristlik Frsysk Selskip.
Lês hjir de hiele skiednis...
De YKFE as wurkgroep fan KRO
De YKFE as wurkgroep fan de Kommisje Regionaal Oerlis (KRO)

1. De YKFE is mei yngong fan 2008 in wurkgroep
    fan de AKF.
2. De YKFE is de offisjele ynstânsje fan de
    Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PTN), dy't
    fan de KRO opdrachten krijt en freget foar
    oersettingen fan liturgysk materiaal.
3. De skiednis fan de YKFE: Yn de sântiger jierren
    binnen de nije Fryske bibeloersetting en it
    Lieteboek foar de tsjerken útkaam troch de
    arbeid fan twa yntertsjerklike kommisjes.
    Al gau dêrnei is út de rûnte fan meiwurkers
    oan dizze projekten en in tal nije leden de
    Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske
    Earetsjinst (YKFE) yn it libben roppen om it
    Tsjinsboek diel I oer te setten fan de trije 
    tsjerken dy't sûnt 2004 de Protestantske
    Tsjerke yn Nederlân (PTN) foarmje.
4. Wichtige projekten fan de YKFE:
     - Úthefte 'Lieteboek foar de tsjerken' op 
       kompaktskiif (2004)
     - Oersetting Tsjinstboek diel I (útjûn yn 2005)
     - Útjefte sjongbondel Tuskentiden yn 2006
       (oersetting fan Tussentijds)
     - Tarieding útjefte Tsjinstboek diel II
     - Tarieding útjefte Lieteboek 2012

Doel
De YKFE wol it brûken fan it Frysk yn en om de earetsjinst hinnen oan de oarder stelle en befoarderje.

Taken
1.  It wurkjen oan en befoarderjen fan de útjefte
     fan Frysk materiaal foar liturgy en
     tsjerkemuzyk.
2.  It befoarderjen fan it brûken fan it Frysk yn en
     om de earestjinst.
3.  It bydragen oan útwikseling en gearwurking
     tusken organisaasjes en persoanen.

Bestjoer, ferantwurding en wurkwize
1.  It bestjoer fan de YKFE bestiet út teminsten fiif
     leden: foarsitter, skriuwer, ponghâlder, lid foar
     fûnsewerving en saaklik belied, lid foar muzyk-
     en redaksjonele saken.
2.  It bestjoer fan de YKFE komt fiif kear jiers
     byinoar (en faker as de saken dat freegje).
3.  De bestjoerleden wurde troch de AKF 
     beneamd, hieltyd foar fjouwer jier, op
     foardracht fan de YKFE.
4.  De soarch foar belied, wurkwize en finânsjes
     leit by it bestjoer fan de YKFE. It bestjoer fan
     de YKFE leit ferantwurding ôf oan de KRO.
     De YKFE tsjinnet elk jier foar 1 april in 
     jierferslach, wurkplan en jierrekken yn by de
     KRO en foar 1 novimber in begrutting.
5.  Skaaimerken fan it (oersetters-)wurk fan de
     YKFE binnen projektwurk en koöperaasje. Elk
     projekt wurde meiwurkers yn behelle dy't oan
     de spesifike easken foldogge dy't dat kerwei
     stelt. Teologen en taalkundigen dy't teksten
     oersette, besprekke har konsepten mei-inoar 
     en mei meilêzers, om sa ta in sa goed mooglik
     einprodukt te kommen.

Finânsjes
1.  De YKFE deklarearret de organisaasjekosten
     by it Stipepunt Noard fan de PTN.
2.  Foar de projektkosten docht it YKFE in berop
     op jeften fan ynstaânsjes en fûnsen binnen en
     bûten de tsjerken. De YKFE kin dêrby, fia de
     KRO, ek in berop dwaan op it Frysk Aktiviteiten
     Fûns (FAF).
 3. De rekken fan de YKFE wurdt ûnderbrocht by
     ien fan de klasses yn Fryslân.
4.  De YKFE tsjinnet elk jier foar 1 april de
     jierrekken yn by de KRO en foar 1 novimber
     de begrutting.

Relaasjes mei oaren
1.  De YKFE siket fanwegen har wurk binnen de
     Protestantske Tsjerke ek ferbining mei de
     lanlike Wurkgroep Earetsjinst en mei de
     Wurkgroep Earetsjinst en Tsjerkemuzyk fan de
     Algemiene Klassikale Fergearring yn Fryslân. 
2.  De YKFE siket, passend binnen har doel en
     taken, ek ferbining mei oare tsjerken,
     organisaasjes en persoanen yn Fryslân.


Nederlandse versie

Oer de YKFE  

Kontakt sykje mei de YKFE? Klik hjir
© 2015-2020 - Telematica Drachten