Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst
YKFE
  • Thússide
  • Oer YKFE
  • Bestjoer
  • Nijs
  • Boeken
  • Fryske Foargongers
  • Ferwizings
  • Kontakt

Nijs 

 Nijs YKFE
 
FRYSKE BIBEL + PROGRAMMABOEKKE (Maart 2020)
Fryske Bibel + Programmaboekje
BINNE DER NOCH FRYSKE BIBELS TE KEAP? (Febrewaris 2020)

​Jawis, binne der noch Fryske Bibels te keap, mar it hat al even faai stien. De edysje fan 1978 wie sa goed as útferkocht, allinne de KFFB hie noch in oantal.  Ek de drukker Royal Jongbloed hie net mear. Doe hat it Nederlands Bijbelgenootschap ( NBG) yn 2018 in nije manier fan drukken tapast, om sa in lyts oantal wer leverje te kinnen.
Sawol de gewoane Fryske Bibel, as de Fryske Troubibel binne no wer beskikber, en te bestellen fia de boekhannel of de webshop fan it NBG. 

​
​ARTIKEL FRIESCH DAGBLAD: BIBEL IS NET ALLINNICH MEAR FAN 'E TSJERKE (28 januar 2020)
Foto
​ARTIKEL FRIESCH DAGBLAD: DE FRYSKE BIBEL HIE DER NET WEST SÛNDER 'DE BOM FAN TSJOM' (27 januar 2020)
Foto
​ARTIKEL FRIESCH DAGBLAD: NIEUWE FRIESE BIJBEL IN 'HJOEDDEISK FRYSK': DAT WORDT KEUZES MAKEN (18 januar 2020)
Foto

​ARTIKEL LEEUWARDER COURANT: OP NAAR EEN FRIESE CULTUURBIJBEL / NIJE FRYSKE BIBEL
 (18 januar 2020)
Foto
Foto

​ARTIKEL REFORMATORISCH DAGBLAD: PROJECT FRIESE BIJBELVERTALING VAN START
 (18 januar 2020)
Foto

​PROGRAMMA SYMPOSIUM (17 januar 2020)
Foto
FRYSKE SJONGMIDDEI YN LJOUWERT (8 august 2018)
​
LJOUWERT – Op snein 30 septimber wurdt yn  de Lutherske Tsjerke fan Ljouwert de jierlikse sjongmiddei fan de  YKFE hâlden. De YKFE is in kommisje dy’t him ynset foar it gebrûk fan it Frysk yn de earetsjinst. De lieten dy´t der songen wurde komme út it nije lieteboek dat yn 2013 troch de lânlike tsjerken yn gebrûk naam is.  Yn april 2015 is de fryske oersetting fan dit lieteboek presentearre yn de Grutte tsjerke fan Ljouwert. It útgongspunt fan dit jier binne de psalmen. Yn it lieteboek steane, neist de psalmen sa’ t se yn de measte tsjerken yn Fryslân songen wurde, ek oare foarmen wêrt se yn songen wurde kinne. Sa as men dat bygelyks docht yn de kleasters of yn de tsjerke fan Ingelân, mar ek yn de fermiddens fan Taizé en Iona. Meiwurking is der fan in gelegenheidskoar ûnder lieding fan Geke Bruinig-Visser. It oargel wurdt bespyle troch Geart van der Heide.
De sjongmiddei op 30 septimber yn de Lutherske Tsjerke fan Ljouwert begjint om 15.00 oere en de tagong is fergees. ​
FOARSITTER (16 oktober 2017)
We hawwe in nije foarsitter:  dhr. Lútsen Kooistra fan Ljouwert
FRYSKE SJONGMIDDEI YN STYNSGEA (4 septimber 2017)
​
STYNSGEA – Op snein 15 oktober wurdt yn  de Augustinitsjerke fan Stynsgea de jierlikse sjongmiddei fan de  YKFE hâlden. De YKFE is in kommisje dy’t him ynset foar it gebrûk fan it Frysk yn de earetsjinst. De lieten dy´t der songen wurde komme út it nije lieteboek dat yn 2013 troch de lânlike tsjerken yn gebrûk naam is.  Yn april 2015 is de fryske oersetting fan dit lieteboek presentearre yn de Grutte tsjerke fan Ljouwert. Mei it each op 500 jier Reformaasje is it téma fan de sjongmiddei Om Martin Luther hinne.  Meiwurking is der fan de Kantorij Surhústerfean ûnder lieding fan Grietje Dam-Riemersma. Ek dogge der blazers mei fan muzykferiening De Bazuin út Stynsgea. It oargel wurdt bespyle troch Geart van der Heide en de lieding fan de middei is yn hannen fan Bob Pruiksma.
De sjongmiddei op 15 oktober yn Stynsgea begjint om 15.00 oere en de tagong is fergees. ​
FOARSITTER YKFE (24 april 2017)
​
Ds. Klaas Visbeek hat him weromlutsen as foarsitter fan de YKFE, vice-foarsitter Bob Pruiksma is foarearst waarnimmend foarsitter.
​
PASSY BOEKJE PRESINTEARRE OP DE LIUDGER SKOALLEMIENSKIP (28 maart 2017)
​
Foto
Op 28 maart 2017 is it boekje mei it Passy ferhaal yn ‘gewoan Frysk’ feestlik presintearre oan de learlingen fan de skoallemienskip Liudger te Burgum. De foarsitter fan it NBG
(Nederlands Bijbel Genootschap) ds. Sybout v.d.Meer hat it oanbean oan de learlingen, oan dosint Kooistra, oan oersetter dr. Liuwe Westra en korrektor Frysk dr. Oebele Vries. De foarsitter fan de YKFE, ds. Klaas Visbeek, hat it hiele proses – ek yn skoalle – meimakke en hat hjir in lytse taljochting bij jûn. En fansels ha in oantal earlingen foarlêzen út wat se sels skreaun hienen. In feestlik barren, mei oranjekoek en hapkes. Tige tank oan de skoallemienskip Liudger foar harren meiwurking en ûntfangst op dizze dei.

Wij hoopje dat it boekje no syn wei fine sil yn skoallen, tsjerken en fansels bij de Passion sels, op 13 april te Ljouwert.
​
BOEKJE FOAR ‘THE PASSION’ YN IT FRYSK (20 maart 2017)

​Op tongersdei 13 april 2017 sil yn Ljouwert it spektakel ‘The Passion’ útfierd wurde. Op in hiel moderne wize wurdt it lijensferhaal fan Jezus foar it each fan tûzenen minsken neispile. Mei it each op dit barren naam it Nederlânsk Bibel Genoatskip it inisjatyf om yn gearwurking mei de YKFE (Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Eartsjinst) it lijensevangeelje neffens Matteüs op ‘e nij yn it Frysk oersette te litten mei it doel dizze oersetting fergees oan alle besikers fan ‘The Passion’ út te rikken.

Learlingen fan de skoallemienskip Liudger yn Burgum ha ûnder lieding fan dosint Frysk Tsjeard Kooistra en mei help fan dr. Liuwe Westra in oersetting makke yn de styl fan ‘bijbel in gewone taal’. Dizze oersetting wurdt meikoarten printe en as boekje mei sawol de Fryske as de Hollânske oersetting net allinnich útrikt yn Ljouwert, mar is dan ek fergees beskikber foar skoallen,  tsjerken en oare belangstellenden, sawol yn as bûten Fryslân.


Foar Friezen om útens ( en foar safier as dat noch nedich is ek foar Friezen yn Fryslân ) is dit boekje fergees te bestellen by:  bestjoer@ykfe.frl  It wurdt jo dan tastjoerd. Graach adres der by sette.
​
JIERLIKSE SJONGMIDDEI (7 maart 2017)
​

Foto
De jierlikse sjongmiddei fan de YKFE is op 15 oktober 2017 yn de Augustinitsjerke fan Stynsgea/Augustinusga.
​​It begjint om 15:30 oere.
DS. PAUL HEKSTRA FERSTOARN (13 febrewaris 2017)
Foto
FRYSK LIETEBOEK NO EK ONLINE (septimber 2016)

​Fan ein augustus 2016 ôf is it ‘Frysk Lieteboek, sjonge en bidde thús en yn tsjerke‘ beskikber yn Liedboek Online. It materiaal foar de beamer en de liturgyboekjes kinne no yn it Frysk downloaden wurde. It sykjen fan lieten bliuwt wol basearre op de Nederlânstalige fersy, mar by it downloaden fan de lieten kiest de brûker de taal dy ‘t er hawwe moat. Dizze útwreiding fan Liedboek Online versie 3.1 bringt foar de brûkers gjin ekstra kosten mei him mei. De Frysk fersy falt ûnder deselde lisinsje.
 
Nije hantlieding by Liedboek Online.
It sykjen en downloaden fan lieten levert by computersbrûkers dy ‘t wat minder betûft binne, noch wol ris wat fragen op. Dêrom is der bij dizze nije edysje fan Liedboek Online mei ien ek wurke oan in koarte hantlieding mei dúdlike skermôfbyldings dy ‘t de wei wize troch it program. De hantlieding is beskikber op de website:  www.liedboek.nu.​​

FRYSKE SJONGMIDDEI YN STIENS (july 2016)

​
STIENS – Op snein 30 oktober 2016 wurdt yn  “De Hege Stins” , Gysbert Japicxstrjitte 4,  te Stiens de jierlikse sjongmiddei fan de  YKFE hâlden. De YKFE is in kommisje dy’t him ynset foar it gebrûk fan it Frysk yn de earetsjinst. De lieten dy´t der songen wurde, sille komme út it nije ‘ Liedboek’  wat yn 2013 troch de lânlike tsjerken yn gebrûk naam is. Yn april 2015 is de Fryske oersetting fan dit Liedboek presentearre yn de Grutte tsjerke fan Ljouwert. 
Meiwurking oan de sjongmiddei is der fan de Sweelinck Cantorij út Stiens ûnder lieding fan Take Beukema. Ek dogge der blazers mei fan brassband De Nije Bazún út Stiens. It oargel wurdt bespile troch Geart van der Heide en Bob Pruiksma hat de muzikale lieding. De algehiele lieding is yn hannen fan de foarsitter fan de YKFE ds. Klaas Visbeek fan De Westereen. De sjongmiddei op 30 oktober yn Stiens begjint om 15.30 oere en de tagong is fergees.

TSJINTBOEKEN FAN DE PROTESTANTSKE TSJERKE DIGITAAL (july 2016)

​Sûnt ein july 2016 binne Tsjinstboek I (2005) en II (2010) fan de Protestantske Tsjerke digitaal ûntsletten. Wa’t gebrûk meitsje wol fan teksten en/of muzyk út dy beide boeken kin de Word-bestannen dêrfan fan it ynternet helje en yn de eigen liturgy kopiearje. Muzykbestannen (liturgykse sangen en lieten) binne as ‘plaatsje’ yn Word-bestannen opnommen en kinne maklik nei de eigen dokuminten ta kopiearre wurde.
 
De tsjinstboeken binne te finen op www.dienstboek.nl, in ûnderdiel fan www.preekwijzer.nl. Under Downloads steane de Nederlânsktalige en Frysktalige edysjes, sawol yn pdf- as yn Word-formaat.

IN BERJOCHT FAN IN KOLLEGA-ORGANISAASJE (maaie 2016)

Op 20 maart is de cd “Taizé yn it Frysk” presintearre yn de tsjerke fan Jorwert. Op de cd stean 17 lieten dy’t ek opnommen binne yn it Lieteboek (en earder yn de bondel Tachtich lieten út Taizé). In koar ûnder lieding fan Jannie Brandsma út Parregea hat de lieten opnommen. Sy sjongt by inkelde lieten in solopartij. Der is noch in twadde, ynstrumintale cd makke, dy’t by it oanlearen fan de lieten brûkt wurde kin. Beide cd’s binne opnommen yn it boekje “Taizé in Friesland” mei ynformaasje oer Taizé, jongeren dy ‘t dêroer fertelle en groepen dy ‘t yn Fryslân Taizéfieringen organisearje. It boekje met de beide cd’s is útjûn troch Discovery Books en kostet € 15,-
 
 Gerrit Groeneveld, Parregea

Sjongmiddei 2016
De kommende sjongmiddei komt op snein 30 oktober 2016.
Fierdere ynfo oer plak, tiid en koar komt noch.
 
Krúspuntdei 2016
Dizze sil hâlden wurde op 16 april 2016.
Foar fierdere ynfo: sjoch  ‘Krúspunt’ .
 
Desimber 2015
De digitalisearre fersy fan it Tsjinstboek 2 is beskikber.
 
Desimber 2015
De earste 150 lieten ( De Psalmen)  út it nije Fryske Lieteboek binne digitaal beskikber.
De oare lieten fan it Frysk Lieteboek binne digitaal ek hast klear en komme takom jier beskikber.
 
Desimber 2015
De  koarsettingen bij it nije Frysk Lieteboek binne ek klear.
Allinne de lieten dy ’t yn it Frysk oanpast wurde moasten, binne nij útkommen ( sjoch bygeande list)  De oare lieten kinne yn de besteande ( Hollânske) fersy brûkt wurde.
 
April 2015
It nije Fryske Lieteboek “Sjonge en bidde, thús en yn tsjerke”  is klear.
Foar elke tsjerke is fergees in eksimplaar beskikber (bij YKFE).
Fierder kin it Frysk Lieteboek besteld wurde bij: “Liedboek  BV”  of by de boekhannel.​

Foto
PRESINTAASJE LIETEBOEK
Sjonge en bidde thús en yn tsjerke
Programmaboekje: Omslach bûtenkant - Omslach binnenkant - Ynterieur

BESKRIUWING FAN IT PROJEKT
It oersetten fan Liedboek, Zingen en bidden in huis en kerk yn it Frysk
 
Foto
Ynlieding
Dizze projektbeskriuwing is makke om harren, dy't it projekt finansjeel stypje wolle, ynsjoch te jaan yn it doel en de realisaasje derfan. Hoewol't alle oerset- en redaksjewurk yn prinsipe troch frijwillgers dien wurdt, is it sûnder finansjele stipe net mooglik om de Fryske útjefte te realisearjen foar deselde priis as de Nederlânske útjefte. En dat is needsaaklik om te berikken, dat it boek kocht en brûkt wurde sil.
Lês hjir it hiele nijsberjocht...
Lees hier in het Nederlands...

FRYSKE BIBEL OP YNTERNET 
Foto
Prachtich nijs! De Fryske Bibel stiet op Ynternet. Yn twa ferzjes: de Wumkes-Bibel út 1943 en de Nije Fryske Bibeloersetting (NFBO) út 1978. Jo kinne de teksten fine op http://www.biblija.net, it bekende webstee dêr't al ferskate bibeloersetting op steane.
Lês hjir it hiele nijsberjocht...

DE TEKSTEN FAN TSJINSTBOEK DIEL I OP YNTERNET
Foto
Yn jannewaris 2011 binnen de teksten fan Tsjinstboek diel I op Ynternet kommen. Jo kinne se fine en downloade fia www.dienstboek.nl en dan klikke op 'downloads' yn de menubalke. Dan kinne jo in kar meitsje tusken de Hôllanske of de Fryske ferzy.
Lês hjir it hiele nijsberjocht...
Kontakt sykje mei de YKFE? Klik hjir
© 2015-2020 - Telematica Drachten