Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst
YKFE
  • Thússide
  • Oer YKFE
  • Bestjoer
  • Nijs
  • Boeken
  • Fryske Foargongers
  • Ferwizings
  • Kontakt

Fryske Foargongers   

Yn ûndersteande list wurde de nammen sûnder titels opjûn.
Der binne mear Frysktalige Foargongers as dy't op dizze list steane.

List fan Fryske Foargongers  

List van Fryske Foargongers binnen Fryslân

Doopsgesinde Gemeenten
 

(Frijmakke) Grifformaerde Tsjerken

Kristlike Grifformearde Tsjerken
Pinkster-/Evangelyske Gemeenten
Roomsk-Katolike Tsjerke
Protestantske Tsjerke Yn Nederlân
 
List van Fryske Foargongers bûten Fryslân ( -- om utens --)

Doopsgesinde Gemeenten
 

(Frijmakke) Grifformaerde Tsjerken

Kristlike Grifformearde Tsjerken
Remonstrantske Gemeenten
Roomsk-Katolike Tsjerke
​Protestantske Tsjerke Yn Nederlân

List fan Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) 
Wurkgroep fan it Kolleezje foar Regionaal Oerlis yn Fryslân fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Skriuwer mefr. Anna Marike Dykstra - van der Woude, Hearedyk 9, 8735 HN  Itens. Telefoan: 0515 - 33 18 68 E-post: bestjoer@ykfe.frl.

Wolle de lêzers fan dizze list it bestean dêrfan trochjaan oan (tsjerke)ried, preekbeurte­rege­ler en foargonger(s)?

Nije opjeften foar dizze foargongerslist? Ja graach! Mar der binne betingsten:
1. Se moatte harsels oanjaan; se moatte preekfoech ha yn de Tsjerke,
    dêr´t se ûnder neamd wurde wolle;

2. Se moatte yngean op fersiken fan preekbeurteregelers. En se moatte
    mutaasjes trochjaan;

3. Blykt nei ferrin fan tiid, dat se wizigingen net trochjûn ha, dan kinne se
    fan de list skrast wurde.

Doe’t de measte Gemeenten yn Fryslân noch mar krekt op it brûken fan de eigen taal oergiene, waard der faak nei adressen fan Frysktalige foargongers frege. No’t de measte Gemeenten meartalige tsjinsten hâlde, sjocht men mei niget de Frysktalige foargongers op de list stean.
Dochs is der ek no noch reden om inoar op te skerpjen. Fandêr de list en de ûndersteande fermelding fan (Kristlike) Fryske organisaasjes.

De Afûk jout kursussen Frysk ûnder oare foar foargongers; ynfo@afuk.nl; www.afuk.nl; till.: 058-234 3070.

De YKFE organisearret elk jier in sjongmiddei út it Lieteboek, mei help fan Fryske foargongers en musisi.

Fia de YKFE binne troch de Protestantske Tsjerke yn Nederlân oan al har tsjerkerieden yn Fryslân tastjoerd en op ‘e merk brocht: “Tsjinstboek, dielen I en II“ en it sjongboek "Tuskentiden".

De YKFE set tsjerklike teksten út it Nederlânsk oer; it Gysbert Japikshûs oare teksten: www.gysbertjapicx.nl.

It DFE, Deputaatskip Fryske Earetsjinsten fan de Grifformearde Tsjerken Frijmakke: befoarderet Frysk taalgebrûk yn dy  Tsjerken. It hat dêrta in grut oantal lieten út ûnderskate bondels oerset en sels makke. Ek hat it de nije Fryske oersettingen makke en presintearre fan de Nederlânske Geloofsbelidenis en de Heidelberger Kategismus. In oersetting fan de Learregels fan Doardt is ûnderweis. Adressen: www.kruspunt.nl en www.fryske-earetsjinsten.nl En: dû David de Jong, Den Ham (Oerisel), till.: 0546 750240; daviddj@solcon.nl.

Meditaasjes, lieten en materialen foar bern en tsienplussers binne útjûn troch de KFFB, de Kristlike Fryske Folksbibleteek, en muzykútjouwerij
www.intradamusic.nl, Feanslús 18, 8448 GP It Hearrenfean, 0513-68 8951.
Adres KFFB en har tydskrift “De Fleanende Krie: Corry Rozendal-Boelens, Vergulde Klok 15, 9102 DJ Dokkum; boekeklub@kffb.nl 
webstee: www.kffb.nl Till.: 0519-32 1262.


De sân Fryske Oekumenyske Wurkferbannen hawwe in Frysktalich Gemeentelibben. Ynfo:  www.fryskow.nl ; till.: 06-1530 3245.

Alle Kristlike Fryske organisaasjes binne feriene op it platfoarm “Krúspunt”. Adres Stifting Krúspunt (Frysk Oekumenysk Platfoarm): www.kruspunt.nl. Dêrop binne ek de trochskeakelings (“links”) nei oare Fryske organisaasjes te finen. En noch folle mear, dat ek foar Tsjerken nuttich is, lykas lannelike koepels, tsjerkelieten fan ferskate bondels ensafoarthinne.

Friezen om utens binne feriene yn it Frysk Bûn om Utens;
ynfo: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.nl; till.: 0592-41 2165.


Nijsgjirrige stúdzjes oer de Tsjerke binne dien troch de Fryske Akademy; ynfo: fa@fa.knaw.nl; till: 058-213 1414.

Alle Fryske organisaasjes ha wat  mei de Ried fan de Fryske Beweging; ynfo: info@fryskebeweging.nl;  till.: 058-213 8913;

www.itnijs.nl en www.fryskebeweging.nl.

Tsjerkenijs út Fryslân stiet yn it FD; de Fryske tsjinsten meast woansdeis:  www.frieschdagblad.nl; till.: 058-298 7654.

Yn ûndersteande list wurde de nammen sûnder titels opjûn.
Der binne mear Frysktalige foargongers as dy´t op dizze list steane.
Oanmelding Fryske Foargongers  

YNTERTSJERKLIKE KOMMISJE FOAR DE FRYSKE EARETSJINST (YKFE)

Wurkgroep fan de Kommisje Regionaal Oerlis yn Fryslân fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Webstee: www.ykfe.frl

Skriuwer: Mefr. Anna Marike Dykstra - van der Woude, Hearedyk 9, 8735 HN  Itens. Telefoan: 0515 - 33 18 68 E-post: bestjoer@ykfe.frl.

Oan alle dûmnys en oare foargongers mei preekfoech, (beropber, tsjinstdwaand, ûntheven, emearitus, tsjerklik wurker).


Achte kollega´s ,    

Regelmjittich stelt de YKFE foar de Tsjerken in list op mei de nammen fan de foargongers, dy´t op de list neamd wurde wolle fan foargongers, dy’t yn it Frysk preekje. Wa´t harsels net oanjouwe, wurde der net op set. Gemeenten kinne dan Fryskpreekjende foargongers fine, dy´t dêr ek werklik beskikber foar binne.

Meartaligens is mooglik: bygelyks de liturgy yn it Frysk en de preek yn in oare taal, of oarsom: de preek yn it Frysk en de liturgy yn in oare taal. Wolle jim dat efkes oanjaan, as jim dêrfoar kieze ?  

De nije list moat no opsteld wurde.

Allinnich de persoansnammen, plaknammen, telefoannûmers en  epostadressen wurde der op set. Sa gau mooglik krije dan alle  Tsjerken, Gemeenten en parochys yn Fryslân in (digitaal) eksimplaar. Ek giet alle jierren in eksimplaar nei it “Frysk Boun om Utens”.

     
    Oanmeldingsformulier Fryske Foargongers
Yntsjinje
Kontakt sykje mei de YKFE? Klik hjir
© 2015-2020 - Telematica Drachten